Lopes út FC Volendam set

24 okt 2008 - 14:25
  • Lopes is út FC Volendam set

Cecilio_Lopes is út de seleksje fan FC Volendam set. De oanfaller dy't fan SC Hearrenfean hierd wurdt, is net mear wolkom om't er him net profesjoneel opstelle soe. Lopes hie earder al in warskôging krigen, mar neffens Volendam hat dat neat holpen.

SC Hearrenfean is ûnderwilens op de hichte steld. It noch net dúdlik oft Lopes nei in oare klub giet of werom komt by SC Hearrenfean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)