Lootsma net yn finale 1500 meter

16 jan 2004 - 00:00

Short-trackster Mariëlle Lootsma fan Menaam is der op it Europeesk kampioenskip yn Zoetermeer net yn slagge om har te pleatsen foar de finale op de 1500 meter. Lootsma einige yn 'e earste searje as fyfde. Allinnich de earste twa kwalifisearje harren foar de finale.

Lootsma komt njonken de 1500 meter ek noch út op de 1000 en de 500 meter. De ôfstannen wurde letter dit wykein ferriden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)