Loop Leeuwarden skrast yn kosten, meidwaan no goedkeaper

30 mrt 2016 - 20:35
  • Loop Leeuwarden yn in eardere edysje

Loop Leeuwarden docht it dit jier mei hast de helte minder jild. De organisaasje hat sa'n 80.000 euro besunigje kinnen. Dat bart ûnder oare troch it finishplak te ferpleatsen fan it Aldehoustertsjerkhôf nei it Saailân. Der kin dêr ek better gebrûk makke wurde fan besteande hoarekafoarsjennings foar de sponsoaren. Oars wurde dêr tinten foar opset.

De hurdrinners profitearje fan de legere kosten. In startbewiis foar alle ofstannen kostet oant en mei 31 maart 10 euro. Foar de heale maraton wie dat ferline jier noch mear as 20 euro.

Op dit stuit hawwe harren al hast fiiftûzen dielnimmers opjûn foar it hurdrinevenemint dat op snein 22 maaie hâlden wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)