Lont is sûn boubedriuw

05 okt 2011 - 12:35

Boubedriuw Lont út Sint Anne is finansjeel ien fan de sûnste boubedriuwen fan Nederlân. It bedriuw krige dêrfoar woansdei de Graydon Award. Graydon ûndersiket hoe't bedriuwen der foar steane. Dat is belangryk om't bedriuwen sa fan elkoar witte oft se betrouber binne om saken mei te dwaan.

Graydon sjocht nei omsetsifers, jiersifers, kredytweardichheid en betelgedrach. Dat dogge se by twa miljoen bedriuwen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)