Lont gjin boargemaster mear

21 des 2006 - 15:09

Boargemaster Titia Lont is ûntslein as boargemaster fan it Noard-Hollânske Wieringen. Lont komt oarspronklik fan Sint Jabik. As foarnaamste reden wurdt opjûn dat der sprake is fan in fersteurde ferhâlding tusken de boargemaster en de ried. Neffens Lont wie der foaral in skeel tusken har en de gemeentesiktaris. De kommissaris yn Noard-Hollân hat bemiddele.

Foar't Lont boargemaster waard, wie se CDA-riedslid yn Den Haach.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)