'Lonsdale-ferbod lost neat op'

31 aug 2004 - 09:30

It ferbieden fan Lonsdaleklean op it Dockinga Kolleezje yn Dokkum sil neat oplosse. Dat seit foarman Jan Jitse Visser fan Nieuw Rechts yn Fryslân. Visser siet ferline jier noch sels op it Dockinga Kolleezje.

De direksje hat it kleanmerk ferbean omdat guon bern har bedrige fiele troch bern dy't Lonsdale drage. It ferbod sil de Lonsdale-fans ekstremer meitsje, sa tinkt Visser. Lonsdale is populêr by minsken mei ekstreem-rjochtse ideeën.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)