Longfunksjetesten Astmafonds

14 nov 2006 - 20:50

Op twa plakken yn Fryslân kin woansdei meidien wurde oan in longfunksjetest fan it Astmafonds. By de test moat sa fluch mooglik útazeme wurde yn in spesjale meter. Doel fan de test is longsykten op te spoaren, dy binne yn ús lân de tredde deadsoarsaak.

De twa Fryske lokaasjes binne in tinte op de Nijstêd yn Ljouwert en de Kring-apoteek op 'e Lemmer. Lanlik sjoen wurde op 80 lokaasjes testen ôfnaam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)