Lola Fryslân's 'next Doutzen'

25 apr 2010 - 11:54
  • Lola Bult

Lola Bult (15) fan Ljouwert hat sneontenacht de modellewedstriid Fryslân's Next Doutzen 2010 wûn. Fan de 118 modellen dy't meidiene wie Lola neffens de sjuery de alderbêste.

Ek waard se priizge om har ekstraverte en ynternasjonale útstrieling en har eigenwiisheid. "Ik bin net Fryslân's Next Doutzen, mar Fryslân's first Lola", sa sei de blide winneres. Oan de troch website Froeks.tv organisearre finale yn Berltsum diene tsien modellen mei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)