Lokomotyf werom yn Moarre

25 aug 2012 - 11:23

Yn Moarre wurdt sneontemoarn in âlde lokomotyf fan it Dokkumer Lokaaltsje te plak set efter it âlde stasjon. It giet om in 21 ton swiere Sik-lokomotyf dy't echt brûkt is op it spoar fan Ljouwert nei Stiens. In ûndernimmer út Wolvegea hat de lokomotyf beskikber steld.

By Moarre binne plannen om in diel fan it spoar wer yn de âlde steat werom te bringen. Dêrfoar is in soad jild nedich fan sponsors en donateurs. De lokomotyf is bedoeld as blikfanger foar it projekt. In grutte kraan sil de lokomotyf op in eintsje rails sette.

Tagelyk wurde sneon ek in pear âlde wiksels dellein. Dan leit der mei-elkoar wer 60 meter rails by it stasjontsje fan Moarre.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)