Lokhynders ynset yn Noarderleech

02 nov 2006 - 12:11

De helptsjinsten sille besykje om de troch wetter ynsletten hynders by Marrum fuorthelje te litten troch lokhynders. Boargemaster Van den Berg fan Ferwerteradiel tinkt dat de hynders wol op eigen krêft fuortkomme kinne, no't it wetter sakke is.

It doel is no dat lokhynders de ynsletten hynders it paad wize nei de feilige seedyk. De hynders binne al sûnt de stoarm fan tiisdeitenacht ynsletten troch it hege seewetter.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)