Lokfyts liedt nei dieven

21 sep 2013 - 11:55
  • Fytsen by it stasjon fan Ljouwert

Twa Ljouwerters (25 en 30 jier) binne freedtenacht oanhâlden. Mei in lokfyts koe de plysje har oanhâlde nei't it duo earder út in stalling by it NS-stasjon in fyts stellen hie. Se wisten net dat dat in lokfyts fan de plysje wie. De plysje fûn de fyts op de Nieuweweg en hâlde de mannen oan. Se binne foar neier ûndersyk op it buro ynsletten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)