Loket gemeentehûs te gehoarich

13 sep 2010 - 21:29
  • De petearen fine plak yn iepen sitsjes (foto: Omrop Fryslân)

De loketten yn it fernijde gemeentehûs fan Smellingerlân biede te min privacy foar drege petearen, fynt de PvdA yn de gemeenteried. De publyksromten binne iepen en transparant ynrjochte. Foar minsken dy't by de sosjale tsjinst, it WMO-loket of de skuldhelpferliening komme, kin dat lestich wêze. De meiwurkers fan 'e gemeentlike tsjinsten moatte wize op 'e mooglikheid it petear yn in aparte romte te hâlden, fynt de PvdA.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)