Loket gemeente moat langer iepen

19 des 2001 - 00:00

It loket fan de ôfdieling boargersaken fan it gemeentehûs yn Dokkum moat langer iepen. De ynwenners fan de gemeente joegen dat oan yn in enkête.

Der is benammen ferlet fan om op 'e neimiddei en jûns saken te regeljen. Ek tusken de middei soe it loket iepen wêze moatte. De telefoanyske berikbe- rens fan it gemeentehûs kin ek better. Oan de enkête diene 450 minsken mei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)