Lokalen en FNP grutte winners

04 mrt 2010 - 02:41
  • Neils yn CDA-kleuren holpen de partij yn Fryslân net oan winst

De pleatslike partijen en de FNP binne de grutte winners wurden fan de riedsferkiezings yn Fryslân. Gemeentebelangen waard de grutste partij yn sân gemeenten, de FNP yn twa. Fan de lanlike politike partijen diene fral D66 en de VVD it goed.

De grutte ferliezer wie de Partij van de Arbeid. De sosjaaldemokraten ferlearen yn Fryslân mei-inoar 48 riedssitten. Op Skylge nei buorke de PvdA yn hast alle Fryske gemeenten achterút.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)