Lokale omrop Drachten op swart

18 sep 2004 - 08:59

De lokale omrop fan Smellingerlân (RTS) stjoert de kommende fjouwer moannen gjin televyzjeprogramma's út. De omrop hat gearwurking mei it produksjebedriuw achter de programma's opsein.

Neffens de regels fan it kommissariaat fan de media moat de lokale omrop in eigen televyzjeredaksje ha. Dy wurdt no opset en dêrnei wurdt besjoen wa't de programma's meitsje sil. De programma's fan RTS yn Drachten wienen op freeds om 18.00 oere te sjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)