Lokale krante GrootSneek tige suksesfol

25 jan 2016 - 12:36

Wylst kranten oeral op de wrâld it dreech hawwe en rap harren lêzers ferlieze, is der yn Snits in krantebedriuw dat yn de lift sit. De lokale krante GrootSneek is de ôfrûne twa jier in begryp wurden en it giet finansjeel sa goed dat der romte is foar útwreiding.

Ofrûne wike kaam de earste edysje fan GrootHeerenveen út. Mei deselde formule as yn Snits, mei in soad hyperlokale achtergrûnferhalen en net tefolle advertinsjes. Mar 30 persint fan de krante wurdt folle troch sponsors.

GrootSneek wurdt hûs-oan-hûs ferspraat yn Snits en de doarpen der omhinne en GrootHeerenveen komt yn de hiele gemeente Hearrenfean út. Derneist hawwe beide lokale kranten in webside foar it wat fluggere nijs. As ek GrootHeerenveen in sukses wurdt soene de inisjatyfnimmers ek neitinke wolle oer bygelyks in krante yn Dokkum of Drachten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)