Lokaasjes foar brûkersromte

14 des 2005 - 12:13

Wethâlder Hafkamp fan Ljouwert hat trije mooglike plakken fûn foar in dei-opfang en in brûkersromte foar drugsferslaafden. It giet om de besteande opfang oan de Sudergrêftswâl, it eardere gebou fan de parkearplysje oan de Willemskade en in boat oan it Hoeksterein.

In groep saakkundigen hat de ôfrûne moannen mear as 20 lokaasjes besjoen, mar de measten wiene net geskikt. De ried moat der noch oer prate.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)