Lok-bûtenboardmotor ynset

15 jul 2014 - 12:30
  • Bûtenboardmotor

De plysje fertinkt in 40-jierrige Ljouwerter fan it stellen fan twa bûtenboardmotoaren yn Earnewâld. De man waard yn de nacht fan moandei op tiisdei oanhâlden, doe't er in lok-bûtenboardmotor meinimme woe. Yn de auto fan de fertochte fûn de plysje in twadde bûtenboardmotor.

De man is bekend by de plysje. De plysje hat de man fêstset. De saak wurdt fierder ûndersocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)