Logo Simmer 2000 no taboe

29 jul 2000 - 14:20

Doarpen dy't no noch in reuny hâlde, meie dat net dwaan ûnder de flagge fan Simmer 2000. It logo fan it simmerspektakel is offisjeel beskerme en de organisaasje wol dat dat neilibbe wurdt.

Yn Arum wie freed noch in reuny. Om't Arum ek ferskate aktiviteiten mei Simmer 2000 hie, ha se dochs tastimming krigen it logo te brûken. Wytgaard dat 18 augustus reuny hat, krijt gjin permisje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)