Loftmachtdagen mei Red Arrows

08 sep 2011 - 14:26
  • De Red Arrows

It Britske stuntteam Red Arrows docht dochs in fleanshow op de loftmachtdagen op de Fleanbasis Ljouwert. Dielname wie ûnwis nei't ein augustus ien fan harren fleantugen delstoarte by in show yn Ingelân. Dêrby kaam de piloat om it libben. De tastellen moasten dêrnei in skoft oan de grûn bliuwe. Ut ûndersyk docht bliken dat it ûngelok fan doe net kaam troch in technysk maleur.

De loftmachtdagen yn Ljouwert binne op 16 en 17 septimber.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)