Loftmacht lilk oer besunigingen

01 jul 2003 - 00:00

Personiel fan de fleanbasis Ljouwert is lilk en teloarsteld op de plannen fan definsje. De 1300 wurknimmers ha moandei oer de besunigingen heard. De minister wol yn totaal 9000 fan de 70.000 wurkplakken skrasse. Ek moat de loftmacht it mei 29 F-16's minder dwaan.

De Ljouwerter basis hoecht net ticht, dochs wie it personiel fan slach. It militêre fakbûn tinkt nei oer aksjes om de besunigingsmaatregels te kearen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)