Loftkastielen yn Broeretsjerke

22 sep 2007 - 16:40
  • Der wurdt al drok oefene yn 'e Broeretsjerke
  • De Broeretsjerke yn Boalsert baarnde yn 1980 ôf en is sûnt dy tiid in ruïne

Yn 'e Broeretsjerke yn Boalsert wurdt takom wike it stik Loftkastielen spile. It teaterstik is spesjaal makke foar de ruïnetsjerke troch de stichting Blauwe Toer. Dy hat twa kear earder in stik opfierd, mar noch nea yn 'e tsjerke sels.

De stichting is oprjochte foar it meitsjen fan teater yn 'e Broeretsjerke. It is de bedoeling om alle jierren in stik yn 'e ruïnetsjerke op te fieren.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)