Loftbrêge by Tresoar

06 maaie 2003 - 00:00

By Tresoar yn Ljouwert is tiisdei in loftbrêge pleatst. De brêge fan 4000 kilo ferbynt it eardere Ryksargyf mei de Provinsjale Biblioteek oan de Bûterhoeke. Mei it FLMD foarmje de ynstellingen sûnt ferline jier Tresoar.

De konstruksje waard fan in djiplader ôf mei in grutte kraan de loft yntild. De loftbrêge is neffens in ûntwerp fan arsjitekt Tauber dy't ek beide gebouwen tekene. Hy is fyftjin meter lang en wurdt mei glês beklaaid.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)