Loft wurdt Fosk

09 des 2011 - 15:17

Restaurant Loft yn it WTC Expo yn Ljouwert hat in nije namme: Fosk. Ferline wike oardielde de rjochtbank dat it restaurant de namme Loft skrasse moast, omdat in ynspiraasjesintrum yn Boksum deselde namme hat. Sawol meiwurkers as besikers mochten in nije namme betinke, en dat is Fosk wurden. De namme, dy't troch it management betocht is, is ynspirearre troch de Vosseparkwyk, dêr't it restaurant op útsjocht. Gasten meie lykwols sels betinke wêr't de namme Fosk werklik op slacht.

Guon gasten tinke dat Fosk in ôfkoarting is foar bygelyks Fier Op Streek Koken, Fiergesicht Oer Stêd & Kij of Ff Op Stand Kokkerellen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)