Lof foar foarstel Cramer

28 des 2007 - 11:07

Minsken dy't tsjin de regels permanint yn fakânsjehúskes wenje, meie dêr gewoan wenjen bliuwe as de gemeente der de kommende twa jier neat tsjin docht. Dat is de kearn fan in foarstel dat minister Cramer fan Romtlike Oardening docht. It giet dan wol om minsken dy't sa'n húske foar novimber 2003 kocht ha.

Gemeenten krije ek mear foech om it permanint wenjen ta te stean. Skylge is bliid mei it foarstel fan it ryk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)