Loes Linders ferlit Hearrenfean

18 maaie 2004 - 00:00

Turnster Loes Linders ferhuzet fan de Hearrenfeanster klub WIK-FTC nei De Hazekamp yn Nijmegen. Linders komt dêr ûnder de fleugels fan trainers Boris Orlov en Esther Heijnen. Wêrom at Linders (16) krekt de oerstap makket nei Nijmegen is net hielendal dúdlik.

It slagge Linders twa wike lyn op it Europeesk Kampioenskip net om har te kwalifisearjen foar de Olympyske Spullen yn Atene. Ek it NOC fûn har net goed genôch foar Atene.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)