Loes Geurts yn petear mei AZ

02 apr 2007 - 20:12

Fuotbalster Loes Geurts, oarspronklik fan Hichtum, hat tiisdei in petear by AZ yn Alkmaar oer in kontrakt. De 21-jierrige keeper spilet no yn de Bundesliga by FC Heike Reine. Se hat yn har jeugd altyd by RES-Boalsert spile en se is ek de keeper fan it Nederlânsk frouljus-alvetal.

Geurts koe sels har earste kar oanjaan en wol it leafst nei AZ, omdat har famylje yn Noard-Hollân wennet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)