Loek Hermans wurdt waarnimmend boargemaster fan Zutphen

22 des 2015 - 16:46
  • Loek Hermans

De eardere kommissaris fan de Keninginne Loek Hermans wurdt tydlik boargemaster fan Zutphen. Hermans stapte yn novimber op as foarsitter fan de VVD-fraksje yn de Earste Keamer. Dat wie neidat der in ferneatigjend rapport ferskynd wie oer syn funksjonearjen by thússoarchorganisaasje Meavita.

De 64-jierrige Hermans begjint op 1 febrewaris mei syn wurk yn Zutphen. Hy sil maksimaal njoggen moanne oan de slach yn Zutphen. Dan moat der in nije boargemaster wêze.

Hermans hat earder boargemaster west, yn Zwolle. Ek wie er minister fan ûnderwiis, kultuer en wittenskippen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)