Loek Hermans VVD-listlûker

13 nov 2010 - 15:56

Loek Hermans is troch de leden fan de VVD keazen ta listlûker foar de Earste Keamerferkiezings. It haadbestjoer hie de âld-minister en âld-Kommissaris fan de Keninginne fan Fryslân foardroegen oan it partijkongres. Hermans is sûnt 2007 al lid fan de Eerste Keamerfraksje fan de liberalen.

De Eerste Keamerferkiezingen binne yn maaie 2011. De leden fan de Earste Keamer wurde keazen troch de leden fan provinsjale steaten. Loek Hermans wennet yn Beetstersweach.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)