Lodeweges: Wy kinne nivo oan

04 aug 2013 - 15:59

Trainer Dwight Lodeweges fan SC Cambuur wie snein nei de wedstriid tsjin NAC Breda (0-0) ridlik tefreden oer de earste wedstriid fan syn ploech yn de earedivyzje. "We zijn goed begonnen, alleen jammer dat we niet hebben gewonnen", is it oardiel fan Lodeweges.

Cambuur hie yn de earste helte net folle grip op it spul fan NAC, mar dat feroare nei de rêst. "De jongens hebben zich fantastisch herpakt. Ze waren wel moe, maar ook tevreden. Ze hebben het gevoel dat ze dit niveau wel aankunnen."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)