Lodeweges wol allinnich echt gers yn earedivyzje

21 nov 2014 - 15:17
  • Keunstgers

De diskusje oer it keunstgers yn it fuotbaljen is noch hieltyd net dien. PSV, Ajax en Feyenoord meitsje har nammentlik sterk foar in ferbod op in keunstgersmatte yn de earedivyzje. Ek Dwight Lodeweges, trainer fan Sportklup Hearrenfean wol leaver dat elkenien op natuerlik gers komt te fuotbaljen. De trainer fan de Feansters fynt dat alle klups yn de earedivyzje op natuergers spylje moatte. Om dat foarinoar te krijen soene de grutte klups de lytse klups dy't in natuermatte net betelje kinne, finansjeel stypje moatte, sa seit Lodeweges.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)