Lodeweges seit op te stappen yn it belang fan SC Hearrenfean

21 okt 2015 - 10:36
  • Dwight Lodeweges

Dwight Lodeweges hat syn beslút om op te stappen as trainer by SC Hearrenfean naam yn it belang fan de klup. Hy seit dat yn in petear mei de eigen televyzjestjoerder fan de fuotbalklup.

Lodeweges jout oan dat hy graach op in bepaalde wize spylje wol, mar dat dat de lêste tiid net langer koe. Hy neamt it fuotbal fan de lêste wedstriden matich en tinkt dat in oar soart trainer mear út de ploech helje kin.

Lodeweges seit dat it beslút om op te stappen hiel dreech wie. Hy jout oan dat hy, op de lêste wedstriden nei, in moaie tiid hân hat by SC Hearrenfean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)