Lodeweges: optreden skiedsrjochter fertocht

10 jan 2015 - 08:02
  • SC Hearrenfean-trainer Dwight Lodeweges

Coach Dwight Lodeweges fan Hearrenfean neamt it optreden fan de skiedsrjochter freed yn de oefenwedstriid tsjin Standard Luik fertocht. Yn totaal joech de arbiter fjouwer strafskoppen, wêrfan trije oan de Belgyske klup. Doe't Standard de tredde strafskop miste, mochten se dizze oernimme. Dêrop stapten de spilers fan SC Hearrenfean fan it fjild.

Lodeweges fûn de de earste strafskop foar Standard noch al terjochte, mar fan de twadde en tredde snapte er neat. By de NOS seit de trainer dat er de yndruk hie dat in bepaalde útslach nedich wie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)