Lodeweges net 'bêste trainer'

09 maaie 2014 - 21:13
  • Dwight Lodeweges

Fuotbaltrainer Dwight Lodeweges is der freed net yn slagge de Rinus Michels Award foar bêste trainer fan it jier te pakken. De titel gong foar de twadde kear op rige nei Frank de Boer fan Ajax. Lodeweges gong de striid oan mei Ronald Koeman fan Feyenoord, Peter Bosz fan Vitesse en Harry van den Ham fan FC Dordrecht. De Boer krige úteinlik de measte stimmen fan syn kollega-trainers.

Ek Bert Hollander wist de Michels Award foar bêste amateurtrainer net te winnen. Hollander einige as twadde, efter Simon Ouaali fan Sparta Nijkerk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)