Lodeweges mooglik bêste coach

07 apr 2014 - 15:00
  • Dwight Lodeweges

Ald-Cambuurtrainer Dwight Lodeweges is nominearre foar de Rinus Michels Award, de priis foar de bêste coach fan it jier. Alle haadtrainers yn it betelle fuotbal meie harren stim útbringe foar de priis. Oare nominearden binne titelferdigener Frank de Boer fan Ajax, Ronald Koeman fan Feyenoord, Peter Bosz fan Vitesse en Harry van den Ham fan FC Dordrecht. De winner wurdt op 9 maaie bekend makke.

Lodeweges stapte ferline wike op as trainer fan Cambuur, neidat er bedrige wie troch supporters fanwege syn oerstap nei SC Hearrenfean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)