Lodeweges krijt warskôging fan KNVB

05 des 2014 - 14:57
  • SC Hearrenfean-trainer Dwight Lodeweges

Dwight Lodeweges krijt gjin ekstra skorsing fan de KNVB nei oanlieding fan de wedstriid Ajax-SC Hearrenfean. De trainer fan Hearrenfean waard doe troch skiedsrjochter Kevin Blom fan it fjild stjoerd. Lodeweges fûn dat syn klup beneidiele waard, ûnder oare nei de reade kaart fan Slagveer.

Lodeweges krige in skorsing, mar de KNVB stelde ek in foarûndersyk yn nei oanlieding fan syn útspraken nei de wedstriid. It fuotbalbûn lit it lykwols by in warskôging. Lodeweges hat, thús tsjin Heracles, wol ien wedstriid ferplicht op de tribune sitten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)