Lodeweges kiest foar St. Juste yn stee fan Kenneth Otigba

10 apr 2015 - 13:26

De meast opfallende namme yn de basisalve fan SC Hearrenfean yn de thúswedstriid tsjin AZ is dy fan Jeremiah St. Juste. Nei alle gedachten jout trainer Dwight Lodeweges de foarkar oan it jeugdige talint boppe de fysyk sterke Kenneth Otigba.

"De trainer kiest vaak voor opbouwende verdedigers, dat ben ik niet. Ik ben meer een beest", sa sei Otigba. Lodeweges woe him nei ôfrin fan de training der net oer útlitte oan wa't hy de foarkar jout, mar St. Juste hearde by de oefenfoarm by de basis.

Joost van Aken keart werom yn de basisopstelling. Ferline wike tsjin NAC Breda ûntbruts de lange ferdigener noch fanwege in hamstringblessuere. Doke Schmidt is der tsjin AZ net by, de ferdigener hat tefolle hinder fan in ankelblessuere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)