Lobbyisten foar âldereinwenten

08 jun 2006 - 11:18

Fryske gemeenten dy't net genôch wenten foar âlderein bouwe, krije it kommend jier in lobbyist op besite fan de âldereinbûnen. It giet om in lanlik projekt fan âldereinorganisaasjes lykas de ANBO mei ûnder mear it ministearje fan Folkshúsfesting.

Yn alle provinsjes komme ynformaasjegearkomsten foar frijwilligers dy't as lobbyist wurkje wolle. De lobbyisten sille ek prate mei wenningboukorporaasjes.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)