Lobby Wûnseradiel foar Beatrix

03 jan 2008 - 16:13
  • Keniginnedei mei de Keninklike famylje is dit jier yn Makkum (foto) en Frjentsjer

De Keninklike besite oan Fryslân is benammen te tankjen oan 'e ynset fan Wûnseradiel. De gemeente hat in skoft lang aktyf dwaande west om de Keninginne en har famylje op 30 april nei ús provinsje te heljen.

De Keninginne en har gefolch binne dit jier yn Makkum en Frjentsjer. Om 10 oere komme se oan yn Makkum. Nei in oere ride se nei alle gedachten mei de bus nei Frjentsjer. Ferline jier wie de Keninklike famylje yn Noard-Brabân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)