Loas alarm yn Dokkum

03 apr 2004 - 00:00

De Lytse Breedstrjitte yn Dokkum hat sneontemoarn in skoft ôfset west troch de plysje. It oerfalalarm yn it postkantoar gong twa kear ôf. Nei ûndersyk fan de plysje waard neat fertochts fûn.

By it ôfsetten fan de Lytse Breedstrjitte waarden tsientallen plysjeminsken ynset mei kûgelfrije festen oan. Nei goed twa oeren is it gebiet om it postkantoar hinne wer frijjûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)