Loadswurk helpt by finen baan

12 feb 2011 - 14:16

Reyntegraasjebedriuw Empatec Selekt hat freed yn Frjentsjer in bedriuwsloads yn gebrûk naam foar it wurkprojekt Loadswurk. Doel is om jierliks 250 minsken dy't no noch in útkearing ha, yn de loads te helpen yn har syktocht nei passend wurk.

Mei spesjale trainingprogramma's wurdt minsken bygelyks leard in sollisitaasjepetear te fieren. Empatec Selekt wurket yn it projekt gear mei de sosjale tsjinsten fan gemeenten yn Noardwest-Fryslân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)