Loadstariven Harns itselde

12 jan 2010 - 11:51

De loadstariven yn Harns bliuwe dit jier gelyk. De Harlingen Seaport Business Association en de gemeente Harns hiene har dêrfoar ynset. Sûnt ferline jier wurde alle kosten foar de ynset fan loadsen trochberekkene oan de skippen. Omdat yn ferhâlding mar in lyts tal skippen de havens yn it noarden fan it lân oandocht, binne de kosten it skip hjir heech.

De HSBA wol no dat der ien taryf foar alle havens komt. De Twadde Keamer praat der meikoarten oer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)