Loads ynstoart troch wetter

31 aug 2012 - 12:17

Yn Ljouwert is tongersdeitenacht in loads foar in diel ynstoart. It giet om ien fyfde fan in gebou fan 5000 kante meter fan it bedriuw Grain Plastics. De eardere loads fan Burggraaff oan de Morsewei is oankocht troch dat bedriuw.

De druk fan it reinwetter op it dak en de hurde wyn binne de oarsaken fan de ynstoarting. It bedriuw wie krekt dwaande om de loads yn te rjochtsjen foar produksje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)