Loads heart net by Tjonger

05 okt 2000 - 18:49

Der mei net in grutte bedriuwsloads oan de Tjonger by Langelille komme. Dat fine it buertskip Zevenbuurt, Steatsboskbehear en it Fryske Gea. In kamping wol de loads bouwe en de gemeente Weststellingwerf stipet dat inisjatyf.

Foar de bou moat de gemeente it bestimmingsplan feroarje om't it in natuergebiet is. Tsjinstanners fine dat in 12 meter hege loads net yn it lânskip past.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)