Ljouwerters wer oan it wurk

10 jun 2008 - 17:29

It is de gemeente Ljouwert slagge om minsken dy´t jierren yn de bystân sitte wer oan it wurk te helpen. Mei it projekt learwurkplakken hat de gemeente al in lyts tritich wurkleazen oan it wurk krigen.

De gemeente kreëarre wurkplakken yn ´e eigen organisaasje en liet de wurkleazen dêr staazje rinne. Nei dy staazje docht bliken dat in_protte bedriuwen de minsken in baan oanbiede woene. De blaudruk foar it plan is ek beskikber foar oare grutte bedriuwen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)