Ljouwerters tefreden oer stêd

06 sep 2001 - 00:00

Ljouwerters binne tefreden oer har stêd. Dat docht bliken út in enkête dy't holden is yn de Nederlânske stêden dy't meidogge oan it Grotestedenbeleid.

Fan de Ljouwerters tinkt 60 prosint dat it yn 'e takomst better gean sil mei har stêd, 14 prosint mear as lanlik. Oer de foarsjennings yn de stêd en de feilichheid bestiet tefredenheid en de minsken fiele har ferbûn mei de wyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)