Ljouwerters stelle âld izer

03 apr 2013 - 15:14
  • Plysje-embleem

Twa Ljouwerters (63 en 64 jier) binne woansdeitemoarn by Berltsum oppakt. Se binne trappearre doe't se âld izer út in kontener op it terrein fan in bedriuw oan de Mulsleane yn Berltsum stellen. Tsjûgen bellen de plysje en joegen it kenteken troch. De plysje seach de auto bûten it doarp riden. Yn de auto trof de plysje âld izer oan. De manlju binne ynsletten en de auto is yn beslach nommen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)