Ljouwerters smokkelje kokaïne

18 okt 2013 - 16:55

De twa Ljouwerter manlju (23 en 48) dy't woansdei oanholden waarden op fertinking fan de smokkel fan 1033 kilo kokaïne bliuwe noch twa wike langer fêstsitten. Mei twa fertochten út Rotterdam waarden de Ljouwerters freed foarlaat oan de rjochter-kommissaris yn Rotterdam. De kokaïne waard op moandei fûn oan board fan in skip dat fan Kolombia op wei wie nei Rotterdam.

By it trochsykjen fan de wennings fan de fertochten fûn de plysje in fjoerwapen en tsientûzenen euro's. De manlju koenen twa dagen letter oanholden wurde yn in loads yn Weesp.

Der wurdt noch fierder ûndersyk dien nei de smokkel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)