Ljouwerters pakt foar wapenbesit

23 sep 2006 - 15:59

De plysje hat ôfrûne nacht twa Ljouwerters oanholden foar wapenbesit. It giet om in 47-jierrige frou en in 54-jierrige man. De plysje krige in melding fan personiel fan in hoarekasaak dat de frou in fjoerwapen hie.

De plysje hat har oanholden. Doe't it personiel sei dat de man it wapen as earste by him hie, waard ek hy oppakt. De fertochten binne oerbrocht nei it buro en it wapen is yn beslach nommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)