Ljouwerters pakt foar heling

16 jun 2014 - 10:36
  • Plysje

De plysje hat sneintejûn twa ynwenners fan Ljouwert fan 43 en 48 jier oanholden foar heling. Dat wie nei in melding oer in rúzje yn in wenning yn de wyk Cambuursterhoek. Yn de wenning fûn de plysjes allegear elektroanika oan, wêrûnder fotokamera's. In part fan it guod wie earder stellen by in wenningynbraak. It guod is yn beslach naam en de beide Ljouwerters dy't yn de wenning wiene, binne oppakt. Se sitte fêst foar fierder ûndersyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)